Daging, foarropping of strafbeskikking ûntfongen? Belje fuortdaliks 06-12306133 foar in fergees yntakegesprek.

Spesjalisaasje strafrjocht (inklusyf kassaasje).
Subsidiearre rjochtsbystân (pro deo).
24/7 berikber.
Besprekking thús.

Wolkom op de webside fan de ienmanssaak Bonthuis Strafrjochtadvokatuer.

Fragen en/of problemen

Hawwe jo in daging, foarropping of strafbeskikking ûntfongen?

Is/binne jo rydbewiis en/of oare papieren/guod yn beslach naam?

Binne jo frijsprutsen of is jo saak seponearre en wolle jo in fergoeding?

Sitto jo yn ‘e ferfangende hechten omdat jo wurkstraf omset is?

Moatte jo selmateriaal ôfstean foar it fêststellen en ferwurkjen fan jo DNA-profyl?

Hawwe jo in klacht wylst jo detinearre binne?

Binne jo net tefreden oer de( strafrjocht)advokaat dy’t jo no hawwe en wolle jo oerstappe?

Nim frijbliuwend en sa gau as mooglik kontakt op en dan sille jo fertroulik en saakkundich holpen wurde.

Proseduere

De proseduere kin yn Nederlân yn trije fasen (as it fan tapassing is) ûnderskieden wurde: earste oanlis by in rjochtbank (kantonrjochter, plysjerjochter of mearfâldige strafkeamer), heger berop by in gerjochtshôf en/of kassaasje by de Hege Rie fan Nederlân. Yn it gefal dat jo thús in foarropping of daging ûntfongen hawwe (komt it meast foar) sil earst it strafdossier opfrege wurde. Dan sil nei it bestudearjen dêrfan it strafdossier mei en by jo thús besprutsen wurde. Dêrnei sil (as it nedich is) frege wurde (oanfoljende) ûndersiken út te fieren (sosjaal, maatskiplik, ekonomysk, forinsysk, psychologysk en/of psychiatrysk) en/of tsjûgen en/of saakkundigen op te roppen. Ta beslút sil de sitting mei jo taret wurde en sille jo by de terjochtsitting bystien wurde.